h

Grutte gearkomste oer de Sintrale As op 29 maart yn Burgum

26 maart 2011

Grutte gearkomste oer de Sintrale As op 29 maart yn Burgum

Tiisdei 29 maart is der in grutte gearkomst oer de Sintrale As yn De Pleats oan de Schoolstraat 82 yn Burgum fanôf 20 oere.

Doelstelling:
- Demonstrearje, sjen litte dat in protte minsken noed hawwe oer de fernieling fan it wâldlânskip wannear’t der in fjouwerstrooks 100 km wei oanlein wurdt
- Ynformearje oer nut en needsaak, sjen litte hoe’t it oars kin, oanwêzigen goeie arguminten meijaan
- Polarisaasje ferminderje, petear op gong bringe oer in alternatyf
- Iensidige ynformaasje oerdracht troch Provinsje, gemeenten en ûndernimmersorganisaasjes korrisjearje.

Wêrom no:
- Fryslân fernijt syn bestjoer: der wurdt ûnderhannele oer in nij kolleezje en in nij kolleezjeprogram
- Elkenien wachtet mei spanning op in útspraak fan de Rie fan Steat oft in fjouwerstrooks wei al dan net oanlein wurde mei
- Hoe’t dy útspraak ek útfalt, it is better om it inisjatyf te nimmen
- Serieus prate oer in alternatyf woe de Provinsje oant no ta net, dit kin in momint wêze, jou de minsken dy’t ûnderhannelje oer it kolleezjeprogram stipe yn de rêch
- De befolking fan Noard East Fryslân is lang genôch iensidich foarljochte troch de oerheden en it projektburo Sintrale As, it wurdt tiid foar in tsjinlûd!

Wannear, wêr, wa:
- De jûn wurdt op 29 maart 2011 hâlden, start 20 oere, yn de Pleats yn Burgum, in moaie seal sintraal yn it gebiet dêr’t de wei trochkomt.
- De tagong is fergees.
- It is in iepen gearkomste, dêr’t yn ’t foar fia parseberjochten en sa omtinken foar frege wurdt. Spesifyk oantrune om te kommen wurde leden fan it Fryske Gea, GrienLinks, D’66, en SP yn de regio. Ek minsken ferbûn mei aksjerûnten as “it griene erfgoed”, “Fryslân moat moai bliuwe”, “behoud Noordelijke Wouden” en oaren wurde spesifyk útnoege. De doarpsbelangen fan Nyegea, de Tike, Garyp, Burgum, Feanwâlden, Hurdegaryp, Ikkerwâld en Dantumawâld wurde noege en de riedsleden fan Tytsjerksteradiel en Dantumadiel krije op húsadres in konvokaat.
- Ferantwurdlik foar de organisaasje is GrienLinks Fryslân. Willem Verf koördinearret de tariedings fan de gearkomst (0511-421197). Mocht hy net te berikken wêze, dan kin der kontakt opnaam wurde mei fraksjemeiwurker Gerrit van der Meer (058-2925805).

Wurklist:

· Iepening en wolkom
· Nut en needsaak: de besteande en ferwachte ferkearsstreamen tusken Drachten en Dokkum, troch: Pieter de Haan, ferkearssaakkundige, dosint en koördinator oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. Hy ferdúdlikt ûnder mear wêrom it foar in flotte, filefrije trochstreaming likegoed ta kin mei in twastrooks 80 km wei.
· In folle moaiere wei: kritysk kommentaar by de besteande plannen en suggestjes foar in bettere ynpassing fan de sintrale as yn it lânskip, troch: Gunnar Daan, arsjitekt.
· Kin it sûnder polarisaasje? In rûne-tafel-petear tusken Ultsje Hosper, Pieter de Haan en Gunnar Daan ûnder lieding fan Willem Verf. Hosper is direkteur fan “it Fryske Gea” en wurdfierder fan de gearwurkjende organisaasjes dy’t beswier hawwe tsjin de foarlizzende plannen (hja presintearren sels in alternatyf, “de griene as”).

· Skoft

· Lûden út de regio: Troch tûke aksje fan guon ûndernimmersorganisaasjes en gemeenten, mei Dongeradiel foarop, is de yndruk festige dat “de streek” neat leaver wol as de grutte sneldyk sa’t dy no plend is. Tal fan ûndernimmers en oare ynwenners tinke der lykwols heul oars oer. Guon fan har komme jûn oan it wurd. Ek oare oanwêzigen krije de romte foar in persoanlike opmerking.
· Lûden út it politike lânskip: Irona Groeneveld, foarfrou fan GrienLinks jout yn in koarte bydrage har fisy op de ekonomyske mooglikheden foar de regio, yn kombinaasje mei in moaiere sintrale as. Ek Marieke van Ree fan D66 en Jacob van der Hoek fan de Socialistische Partij yn Provinsjale Steaten skowe oan foar in konstruktyf petear.
· Mienskiplike ferklearring: de trije partijen tekenje in oprop oan Hans Konst, fraksjefoarsitter fan de PvdA yn Fryslân en spil yn de ûnderhannelingen oer in nij bestjoersprogram foar Fryslân. It boadskip is koart mar dúdlik: soargje foar in moaiere en mear beskieden sintrale as. Wy soargje derfoar dat de ynformaasje fan Gunnar Daan en Pieter de Haan ek by Konst en by mefrou de Boer, de ynformateur, oankomt.
· Ofsluting: Doede Veeman sjongt syn protestliet tsjin de Sintrale As en hy giet ús foar by it mienskiplik sjongen fan de Wâldsang.

Tige wolkom op tiisdei 29 maart !

De Pleats, Schoolstraat 82, Burgum, fanôf 20 oere.

U bent hier